Privacy

Op in tal plakken op dizze webside freegje wy om jo gegevens. Dy hawwe wy nedich om jo bygelyks de Sonnema Comedy Tour updates stjoere te kinnen.

Gegevens fan dielnimmers oan aksjes en priisfragen wurde brûkt om de aksje út te fieren, de priiswinner(s) bekend te meitsjen, en de respons op ús aksjes te mjitten.

Jo kinne jo opjaan foar de Sonnema Comedy Tour updates en meidwaan oan aksjes as jo 18 jier of âlder binne.

Fansels binne wy hiel krekt mei de gegevens dy’t jo efterlitte. Gegevens wurde net sûnder jo tastimming ta beskikking steld oan tredden foar in oar doel as dêr’t jo de gegevens foar jûn hawwe.